Fryslân Dok documentaire over de Sterke Yerke I, II, III, IV
jul 10, 2022
Sterke Yerke hat libbens feroare
Yn de FryslânDOK ‘In oseaan fan dreamen’ oer de Sterke Yerke sit weardefol en unyk argyfmateriaal, audio en fideo, fan de oerstek fan it flot oer de Atlantyske Oseaan. Meindert van der Meulen út Ljouwert hat dat allegear sammele en bewarre. “Sterke Yerke heeft ook mijn leven bepaald”, seit er. Diel 2 is hjoed by NPO2 op tv te sjen en moarn
Meindert van der Meulen komt út Ljouwert en hat fan de jierren ’70 ôf belutsen west by Sterke Yerke. Hy naam de taak op him om te soargjen dat der film- en lûdsopnames makke waarden. Hy hat alles bewarre. Van der Meulen wurket as technikus en editor by de NOS yn Hilversum.
Fjouwer Fryske jonges stutsen yn 1979 op it selsboude flot Sterke Yerke de Atlantyske Oseaan oer, om ûnderweis de oaljefersmoarging te ûndersykjen. Op Radio Scheveningen folge it publyk de jonge mannen ûnderweis nei it eindoel: Curaçao.
Guus en Chris Schweigmann en Leo van der Ploeg bemannen it flot, biolooch Frits Riemersma naam ûnderweis meunsters fan de oaljefersmoarging yn see.
Mei it wittenskiplik ûndersyk tsjinne de reis ek in maatskiplik doel.
De reis wie hast dien, doe’t it flot op de rotsen fan Bonaire stikken sloech en sonk. Yn 1986 koe de Sterke Yerke burgen wurde en waard der noch wat weardefol guod boppe wetter helle.
Meindert van der Meulen wie ek by dy berging. Op dy reis moete er op Bonaire syn lettere frou. Sterke Yerke wie al in grut part fan syn libben. “Maar mede daardoor heeft het mijn leven bepaald”, seit van der Meulen. Bemanningslid Frits Riemersma is oant de dei fan hjoed syn bêste freon.
De inisjatyfnimmers fan doe besykje no, fjirtich jier nei it aventoer, harren ideeën oer te dragen op jongere generaasjes. Der is in nij seeweardich flot boud, de Sterke Yerke IV, dat de see op giet om oandacht te freegjen foar in nij wrâldwiid miljeuprobleem: de plestiksop.
Foar FryslânDOK folge dokumintêremakker Gerard van der Veer de reis fan de Sterke Yerke, fan doe oant no.
Deze site maakt gebruik van cookies, zodat wij je de best mogelijke gebruikerservaring kunnen bieden. Cookie-informatie wordt opgeslagen in je browser en voert functies uit zoals het herkennen wanneer je terugkeert naar onze site en helpt ons team om te begrijpen welke delen van de site je het meest interessant en nuttig vindt.
Strikt noodzakelijke cookies
Strikt noodzakelijke cookie moet te allen tijde worden ingeschakeld, zodat we je voorkeuren voor cookie instellingen kunnen opslaan.
Als je deze cookie uitschakelt, kunnen we je voorkeuren niet opslaan . Dit betekent dat elke keer dat je deze site bezoekt het nodig is om cookies weer in te schakelen of uit te schakelen.